Op seehûnesafary yn Aqua Zoo yn Ljouwert

01 jul 2015 - 14:48
  • Seehûnen fuorje
  • Seehûnen fuorje

Yn Aqua Zoo by Ljouwert kinne besikers tenei op seehûnesafary. Besikers geane mei in flot it wetter op en fuorje dan de seehûnen. Boargemaster Crone wie de earste dy't woansdei op safary gie. Hy mocht mei guon bern de seehûnen fuorje en seehûn Tess in tút jaan. Aqua Zoo hat op Denemarken nei it grutste seehûneferbliuw fan Europa.

Yn de nacht foar de offisjele iepening waard in jonge seehûn berne. Neist de seehûnen Lars, Tess en Casper kin ek dit seehûntsje yn de takomst meidwaan oan de safary. It jonkje hat noch gjin namme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)