Frou ferwûne rekke op sebrapaad yn Ljouwert

01 jul 2015 - 14:25

By in ûngelok op de Peter Stuyvesantweg yn Ljouwert is woansdeitemiddei in frou ferwûne rekke. De frou woe oerstekke mei de fyts oan de hân op in sebrapaad. In automobilist joech neffens in tsjûge foarrang oan de frou, mar dêrachter ried noch in man yn in lyts frachtweintsje, dy't te let yn de gaten hie dat de auto foar him stilstie. In botsing wie it gefolch. De foarste auto skeat troch en rekke de fuotgonger en de fyts.

De strjitte tusken de Knoopstrjitte en it gebou fan Friesland Campina hat in skoftsje ticht west foar ûndersyk.

De sjauffeur fan it frachtweintsje soe mooglik troch de felle sinne de auto foar him net sjoen ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)