Ofslútdyk moat enerzjydyk mei dûbele spoarbaan wurde

01 jul 2015 - 12:58

De Ofslútdyk moat in enerzjydyk wurde mei in dûbele spoarbaan. Dat seit Netwerk Noordoost. Yn dat netwurk sitte gemeenten, ûndernimmers en maatskiplike partijen. Inisjatyfnimmer is boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel. De oanlis fan de spoarbaan jout neffens him grutte kânsen foar de wurkgelegenheid. Allinnich al yn Fryslân soe it gean om 4.000 banen.

Mei de spoarbaan krije Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân in goede ferbining mei it Noarden fan Dútslân. Ek moatte lâns de hiele dyk sinnepanielen komme dy't enerzjy opwekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)