Gas(t)vrij Terschelling sil minister Kamp útnoegje

01 jul 2015 - 12:23

De aksjegroep Gas(t)vrij Terschelling sil minister Henk Kamp tongersdei útnoegje foar in besite oan it eilân. Tegearre mei eilânbewenners en fertsjintwurdigers fan de Waadregio wol de aksjegroep mei de minister sjen nei enerzjyfoarmen dy't de natuer minder oantaaste as de foarnommen gasboarrings.

De Twadde Keamer praat tongersdei op 'e nij oer de plannen fan de boarrings. Foarôfgeand oan de gearkomste sil de maskotte fan de aksjegroep de útnoeging oan de minister útrikke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)