Snitser fytser ferwûne by oanriding op Boalserterwei

01 jul 2015 - 11:24

In 68-jierrige fytser út Snits is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Boalserterwei yn syn wenplak. De man fytste fanút it sintrum yn de rjochting fan it sikehûs, doe't hy ûnferwachts ôfsloech nei links. In 62-jierrige Snitser ried mei syn auto neist syn plakgenoat en koe in oanriding net foarkomme. It slachtoffer is mei ferskate ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
fytsûngelok Boalserterwei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)