Tsientallen banen ekstra by ING bank Ljouwert

01 jul 2015 - 10:21

De ING bank yn Ljouwert krijt der tsientallen banen by. It bedriuw slút ein 2016 de fêstiging yn Arnhem. De hast 650 meiwurkers sille ûnderbrocht wurde yn ûnder oare Rotterdam en Amsterdam. In grut part fan de meiwurkers ferhuzet nei Ljouwert. It giet benammen om meiwurkers fan de ôfdieling IT en it callcenter.

ING hat mei foar Ljouwert keazen om't hjir in grutte ôfdieling klanteservice sit, dy't goed gearwurket mei it callcenter. Dêrtroch wurde klanten better holpen.

De fêstiging yn Ljouwert rint mei dizze wurkwize foarop binnen it bedriuw. In wurdfierder slút net út dat der yn Ljouwert nije banen by komme.

Trefwurden: 
Ljouwert bank ING banen callcenter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)