Ynternasjonaal dûnsfestival fiif dagen sintraal yn Burgum

01 jul 2015 - 09:39

Yn Burgum wurdt oant en mei snein it ynternasjonaal dûnsfestival holden mei dûnsgroepen út ûnder oaren Botswana, Meksiko, Sily en Yndia. Der binne tal fan optredens yn it winkelsintrum fan Burgum, mar ek yn it iepenloftteater fan De Pleats yn Burgum. Der sille ek optredens plakfine yn bygelyks soarchsintra. It ynternasjonaal dûnsfestival yn Burgum wurdt foar de 13e kear holden. Alle leden fan de ferskate dûnsgroepen binne ûnderbrocht by tal fan gastgesinnen yn Burgum en oare doarpen yn de omkriten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)