Achtkarspelen keapet boukavels yn Surhústerfean

30 jun 2015 - 17:14

De gemeente Achtkarspelen hat op in feiling in bod fan dik in heal miljoen euro útbrocht op trettjin wenningboukavels yn Surhústerfean. It giet yn totaal om goed 6000 kante meter yn it plan Vierstromenland yn Surhústerfean.

De kavels binne no noch fan projektûntwikkeler Megahome yn Almelo. It plan Vierstromenland leit al in pear jier stil. Ferline jier binne troch boubedriuw Veenstra út De Harkema op in feiling ek al 17 kavels kocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)