Noardeast-Fryslân offisjeel oanwiisd as krimpregio

30 jun 2015 - 17:07
  • Minister Blok is net foar de krimpstatus foar Noardeast-Fryslân

Minister Blok fan wenjen hat Noardeast-Fryslân offisjeel oanwiisd as krimpgebiet. Dat hat er tiisdei dien, neidat de Twadde Keamer dêr earder al om frege hie. Dit betsjut dat de regio in spesjale bydrage krijt út it gemeentefûns.

Hoe heech dit bedrach is, moat noch fêststeld wurde. Mei in krimpregio wurde ôfspraken makke om de effekten fan de delgong fan it tal ynwenners en húshâldens tsjin te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)