Tûzenen euro's foar nije klaaikeamers DTS Surhuzum

30 jun 2015 - 15:50

Kuorbalklup DTS Surhuzum krijt 43.000 euro fan de gemeente Achtkarspelen. It jild wurdt brûkt foar de renovaasje fan de klaaikeamers. De feriening is al in skoft dwaande mei in plan om de akkommodaasje wer hielendal fan dizze tiid te meitsjen.

De bydrage fan de gemeente is de helte fan it totaalbedrach dat nedich is foar de opknapbeurt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)