Files troch steuring yn Drachtsterbrêge

30 jun 2015 - 14:42

Der hat tiisdeitemiddei in steuring west by de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. De slachbeammen wurken net mear. Ferkear dat de stêd yn en út woe, moast omride by ûnder oaren Techum en Goutum-Súd del.

Troch de steuring ûntstienen der files op de Drachtsterwei en de Aldlânsdyk. Der binne ferkearsregelers ynsetten om automobilisten te helpen. Nei goed in oere wie de steuring ferholpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)