Rederij Doeksen lit twa nije fearboaten bouwe

30 jun 2015 - 13:07
  • MS Noord-Nederland

Rederij Doeksen hat de plannen foar de bou fan twa nije fearboaten oanpast. Earder wie it de bedoeling om de frachtboat ms. Noard-Nederlân om te bouwen ta passazjiersfearboat mei in kapasiteit fan 225 passazjiers en 60 auto's. Dêrneist soe der in nije autokatamaran foar 700 oant 900 passazjiers en 72 auto's boud wurde.

Yn it plak dêrfan lit Doeksen no twa folslein nije fearboaten bouwe. Neist de autokatamaran dy't al yn de plannen stie, lit de rederij in twadde katamaran foar 200 oant 300 passazjiers en tusken de 50 en 60 auto's bouwe.

Dat hâldt wol yn dat it langer duorjen giet foar't de nije skippen yn gebrûk naam wurde. Earder wie it de bedoeling dat der yn 2016 fearn wurde koe.

Wa't de boaten bouwe sil, is noch net dúdlik. De oanbesteging is yn it lêste fearnsjier fan 2015. De Noard-Nederlân bliuwt yn gebrûk as frachtboat.

Al mei al giet it om in ynvestearring fan goed 40 miljoen euro. De boaten ferfange De Midsland. De boat De Friesland bliuwt as reserveskip. Eilanners mochten meitinke oer it ynterieur fan de nije boaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)