Automobilist rydt troch nei oanriding by Leons

30 jun 2015 - 10:40

In 16-jierrige jonge út in doarp yn de gemeente Littenseradiel is moandei oanriden troch in auto, wêrnei't de bestjoerder trochried. De jonge ried om fjouwer oere hinne mei syn brommer troch it doarp Leons, doe't hy oanriden waard troch in reade Audi 80.

De jonge kaam te fallen en rekke licht ferwûne. It slachtoffer hat oanjefte dien by de plysje. De plysje siket no om tsjûgen fan it ûngelok. De kinne kontakt opnimme mei it plysjeburo yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)