Jouster carpoolterrein wurdt útwreide oant 217 plakken

30 jun 2015 - 10:31
  • Tekening fan it útwreide carpoolplak by De Jouwer

It carpoolplak by de Jouster rotonde wurdt útwreide fan 150 oant 217 plakken. It terrein stiet no op drokke dagen geregeld fol. Yn it ramt fan it fernijen fan it ferkearsknooppunt by De Jouwer wurdt it carpool-parkearterrein meinommen.

Dizze wike wurdt op De Jouwer begûn mei it útwreidzjen fan it parkearterrein. Nei it oanlizzen fan de nije parkearfakken, wurdt it besteande parkearterrein oanpakt. It folsleine, útwreide carpoolterrein wurdt de kommende hjerst oplevere. Under it wurk bliuwt it parkearterrein gewoan beskikber.

Rykswettersteat stribbet der nei dat der hieltiid 150 parkearplakken beskikber bliuwe foar carpoolers. Dy moatte wol rekken hâlde mei wurkferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)