Opnames foar dramasearje De Koers los

30 jun 2015 - 10:12
  • De set fan dramasearje De Koers by Suwâld
  • Regisseur Halbe Piter Claus
  • Op in monitor wurde de opnames op de foet folge...

Hoe hurd moatst wêze om de top te heljen? Dat is it ûnderwerp fan de nije Fryske dramasearje De Koers. De opnames foar de jongereinsearje binne moandeitejûn begûn op in stikje dyk tusken Burgum en Suwâld. Akteurs ride dêr op de racefyts hinne en wer, folge troch kamera's fan Omrop Fryslân.

Dramaseraje De Koers giet oer de jonge hurdfytser Sieger Keizer (17), dy't op it punt stiet om syn earste profkontrakt te tekenjen. Sieger hat in soad talint, mar moat eins in stap ekstra sette yn de striid mei in konkurrint.

Kin dat troch noch hurder te trainen, of moat er egoïstysker en falsker wêze nei de oaren ta? Fansels binne der ek stimulearjende middelen beskikber. De Koers, de nije jongereinsearje by Omrop Fryslân, is ein dit jier te sjen op tv en ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)