Fytser (88) komt om nei ferkearsûngelok by Hallum

30 jun 2015 - 10:01
  • De fytser ferstoar moandeitejûn as gefolch fan it ûngelok

In 88-jierrige fytser fan Marrum is moandeitejûn ferstoarn oan de ferwûnings dy't de man earder op de dei oprûn by in ûngelok by Hallum. It ûngelok wie op de krusing fan Fiifhústerdyk mei de Monnikebildtdyk. In automobiliste (30) fan Hurdegaryp ried oer de Fiifhústerdyk en hie foarrang, doe't de fytser foar de auto lâns de dyk op ried. De frou koe in botsing net mear foarkomme.

Nei alle gedachten hat de fytser de auto net sjoen. It slachtoffer waard mei swiere ferwûnings nei it sikehûs brocht, dêr't hy yn de rin fan de jûn ferstoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)