Pieter Weening begjint sneon oan syn sechde Tour de France

30 jun 2015 - 09:43

Hurdfytser Pieter Weening begjint sneon yn Utert oan syn sechde Tour de France. De 34-jierrige Harkyt hearde tiisdei dat hy definitityf opnommen is yn de Tourseleksje fan syn ploch Orica-GreedEdge. De Australiërs Simon Gerrans en Michael Matthews binne de kopmannen fan dizze ploech. Matthews wie earder al súksesfol yn de Giro en de Vuelta. Hy wurdt yn de ploech sjoen as kânshawwer om in etappe te winnen.

Nei Lieuwe Westra fan De Tynje is Pieter Weeining de twadde Fries yn de Tour de France.

Weening wûn yn 2005 as earste Fries in etappe fan de Tour de France yn it Frânske Gérardmer. By de Giro fan dit jier wûn Weening mei syn ploech de ploegetiidrit. "Pieter is mei al syn ûnderfining hiel wichtich foar ús", sei ploechlieder Matt White tiisdei. "Hy wit wat der foar nedich is om in rit yn de Tour te winnen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)