Winkeldief stelt sûkelade en in fisk yn Drachten

30 jun 2015 - 08:57

In 27-jierrige winkeldief is moandeimiddei yn Drachten oanhâlden. De man hie fjouwer repen sûkelade en in fisk stellen yn in winkel oan de Noardkade. Meiwurkers fan de winkel trappearren de man en hawwe him oerdroegen oan de plysje.

De winkeldief sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)