Kollum: "Fan APK en UWV"

30 jun 2015 - 08:26

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

“Ien kear yn it jier ploft er op de matte. In kefert mei it logo fan in garaazje. Dêr sit in briefke yn mei in opskerper yn ferbân mei de APK. Fan dat momint ôf is it harsenskrabjen. Links achter is sa no en dan in nuver lûd te hearren, in soart protestearjen as de auto troch in kûltsje rydt. De útlaat klinkt hieltyd mear as in tuba, en de foarste bannen ha likefolle profyl as de panty fan de frou. Alles mei-inoar sjocht it der net al te florissant út, en it is mei in swier moed dat men de tillefoan krijt om in ôfspraak te meitsjen.
De dagen foar de keuring binne wakker ûnwis. By alle ritten dy’t makke wurde is dêr it besef: dit kin ien fan de lêsten wêze. It byld fan jins trouwe fjouwertsjeller dy’t mei tsjinsin it terrein fan de sloper oprydt, stiet op foarhân garant foar in hart fol weemoed. En in rekken yn it read.
Foarige wike wie it safier. Under in grize, driigjende loft ride ik nei de garaazje. Dêr waard ik net ûntfongen troch de baas fan ’t spul of in monteur, mar troch in nije wurknimmer, dy’t ik de kontakteman neam. Want dat is wat er docht: de kontakten mei de klant fersoargje. In aardige keardel. Ik koe de kaikes en de papieren by him kwyt, en hy noege my yn it kantoar foar in bak kofje. Sûnder dat er my wat frege hie, krige ik in espresso fan him. ‘Lekker,’ sei ik. ‘Ik sjoch wat Italiaans by jo,’ antwurde er. Dat fûn ik in eigenaardige opmerking. En it waard noch eigenaardiger doe’t er nei ferrin fan tiid sei dat ik net oer de auto hoegde yn te sitten. Dat dy der goed foar stie. ‘Dat kinsto sa net witte,’ sei ik. Hy glimke, luts in laad iepen en helle in ding ûnder in teedoek foar ’t ljocht. As in gûchelder luts er de doek fuort, en dêr, midden op it buro, stie in glêzen bol. ‘Dat wit ik wol,’ sei er. ‘Want ik ha it yn de bol sjoen. Foar de wissichheid ha ik de Tarot-kaarten ek útlein, en dy joegen itselde risseltaat.’
Ik wie mei stommens slein.
‘Sjoch,’ sei er. ‘Ik ha krapoan trije jier yn de WW sitten. Doe koe ik, omdat ik in 50-plusser bin, op kosten fan it UWV in oplieding ta heldersjende folgje. Mei baangarânsje. Dat ik tocht, wêrom ek net?’
‘Net te leauwen,’ sei ik.
‘Nee, no? En krekt doe’t ik klear wie, kaam dit op myn paad. Dat ik tocht, wêrom ek net? Kin ik it moai kombinearje mei myn fermogens as heldersjende.’
‘Goh,’ prevele ik, ‘ja, jawis.’
Op ’e neidei waard ik belle. Net troch de kontakteman - dy wie al nei hûs – mar troch in monteur. Dy sei dat de auto ôfkard wie. En dat it net de muoite wie om him op te lappen.
‘Ik hie al sa’n foargefoel,’ antwurde ik.
‘Dêr soene jo wat mei dwaan moatte,’ sei de monteur. ‘In oplieding ta heldersjende folgje, bygelyks. Ik ken ien dy’t dat ek dien hat.’”

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)