Hotelplan Westers foar It Amelân "te grut en te heech"

30 jun 2015 - 07:37

Hotelûndernimmer Harry Westers moat syn plannen foar in nije spa mei welness-foarsjennings en hotelakkommodaasje oanpasse. Fierwei it grutste part fan de gemeenteried op It Amelân woe noch net stimme oer de wiziging fan it bestimmingsplan oan de Strandweg yn Nes, dy't nêdich is om dit plan útfiere te kinnen. Wat Westers wol, soe neffens de betingsten dy't de gemeente yn 2012 op papier set hat, te grut en te heech wêze.

It plan moat fan de gemeenteried dan ek oanpast wurde neffens dy plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)