Dekker grypt net yn by Roobol

29 jun 2015 - 22:12

Neffens steatssekretaris Sander Dekker fan Underwiis binne der gijn strukturele problemen by ûnderwiiskoepel Roobol. Hy is net fan doel de organisaasje te twingen in kritysk ûndersyksrapport oer it funksjonearjen fan de Ried fan Tafersjoch iepenbier te meitsjen. Dat rapport waard makke nei krityk fan âlden op de direksje fan Roobol. Dy stjoerde de populêre direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle yn Dokkum nei hûs.

Dekker lit ien en oar witte yn antwurd op fragen fan SP-Twadde Keamerlid Tjitske Siderius.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)