Ziuz op De Gordyk ferdûbelet it oantal meiwurkers

29 jun 2015 - 19:54
  • ZiuZ-kamera

ZiuZ fan De Gordyk sil de kommende tiid ferdûbelje fan 50 nei 100 man personiel. Dat komt omdat de nachtkamera dy't it bedriuw sels ûntwikkele en betocht hat, no ferkocht wurdt oan it bûtenlân. De kamera, de Strix, kin minsken identifisearje yn it roettsjuster en is sels net te detektearjen.

Hy kin brûkt wurde troch plysje en opspoaringstsjinsten. Der wurdt no op heech nivo saken dien oeral yn 'e wrâld en dat freget wol fan it bedriuw. Oan wa't de kamera ferkocht wurdt, moat geheim bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)