It Fryske Gea wol kultuerlânskippen better behâlde

29 jun 2015 - 18:55

It Fryske Gea wol him mear rjochtsje op it behâld fan kultuerlânskippen yn ús provinsje. De organisaasje docht no in ûndersyk nei wat der allegear behâlden wurde kin. Dy ferkenning moat yn septimber klear wêze. Earder hat it Fryske Gea tegearre mei de provinsje ek al ris dwaande west om te sjen oft der wat dien wurde koe foar it behâld fan terpen, mar dat kaam doe net goed fan de grûn.

Neist terpen wurdt der ek nei oare kultuerhistoaryske saken yn ús provinsje sjoen, lykas boerehiemen en kleasterterreinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)