Ungelok Harns: sjauffeur frachtwein mooglik net goed wurden

29 jun 2015 - 18:04

De froulike fytser dy't moandeitemoarn by Harns oanriden waard troch in frachtwein is dêrby earnstich ferwûne rekke. It giet om in 61-jierrige frou út Harns. In Poalske frachtweinsjauffeur ried oer de Achlumerdyk en bedarre op de krusing mei de Grettingalaan op de ferkearde helte fan de dyk en úteinlik op it fytspaad. Hy is mooglik net goed wurden.

De sjauffeur botste ek noch op de auto fan in 56-jierige frou út Harns. Sy hat blauwe plakken en kniezings oerhâlden oan de oanriding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)