Skearnegoutum ferliest populêr swimplak

29 jun 2015 - 17:49

Skearnegoutum ferliest in populêr swimplak by De IIsbaan en De Trekskûte. Mooglik noch dizze wike begjint de oannimmer yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân om in hurdhouten barte te ferfangen troch in stiennen talúd.

Guon ynwenners fan de nijbouwyk ûnderfine simmerdeis in soad oerlêst fan swimmende jongerein yn en by it bûtenwetter dêr. Net allinnich fanwege it lûd, mar ek fanwege fernielings. Wethâlder Durk Stoker is wol ree om mei doarpsbelang te sjen nei in alternatyf swimplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)