Basisskoallen It Hearrenfean geane tegearre fierder

29 jun 2015 - 16:12

Basisskoallen De Commanderije en De Letterbeam op It Hearrenfean sille fuseare. Fan takom skoaljier ôf sille se fierder mei in fernijd ûnderwiiskonsept. Learkrêften wurde as fakspesjalisten ynsetten om de talinten fan bern optimaal te ûntwikkeljen. Der is mear omtinken foar de inidividuele bern en der wurdt mear gebrûk makke fan tablets.

De tradisjonele klaslokalen ferdwine, dit wurde saneamde 'learpleinen'. De skoalle sil tydlik húsfeste wurde yn in skoalgebou oan de Fluessen. It nije gebou is nei alle gedachten yn de maaitiid 2017 klear.

Dy komt op it plak dêr't no de Commanderije stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)