Jonge hurdfytsers krije rol by ploegepresintaasje Tour

29 jun 2015 - 14:00

Tolve jeugdleden fan hurdfytsferiening Wadro Otto Ebbens út De Westereen meie tongersdei helpe by de start fan de Tour de France yn Utrecht. Se krije in rol by de ploegepresintaasje. Wat se krekt dwaan moatte, is noch net bekend, mar de jonge hurdfytsers kinne har toerhelden wol fan tichtby besjen.

It komt net faak foar dat hurdfytsferieningen útnoege wurde troch de organisaasje fan de Tour de France, mar it slagge Bernard Bentveld fan de jeugdkommisje. Op in fytsbeurs kaam er de manager fan Tour tsjin en dy wist er entûsjast te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)