Undersyk nei fervepoeier dat brûkt is by Color Run

29 jun 2015 - 12:25

De leveransier fan de fervepoeier dy't snein brûkt is by de Crazy Color Run yn Himpens-Tearns sil ûndersykje wat der mei de poeier oan de hân is. Dielnimmers oan de run krije de ferve net út har hier en klean. Troch de rein soe de kleur mear yn it hier en klean ynfrette. Benammen blond hier is in probleem.

It bedriuw Colorsensation dat de run organisearre hat, stelt de leveransier dêrfan oanspraaklik. Dat is it bedriuw Holi King út Diemen; sy sizze soks noch nea earder meimakke te hawwen. It poeier is makke fan maismoal mei kleurstoffen.

It is in 100 persint biologysk produkt dat gjin kwea kin. De leveransier fan de poeier seit dat alkohol wurkje soe om de kleur fuort te krijen. Oare tips op sosjal media binne biotex en brûstabletten. Der binne ek al kapsalons dy't tsjin redusearre taryf in knip- en kleurbeurt oanbiede. Ek in pizzeria biedt in twadde pizza fergees oan minsken dy't de kleur net út harren hier krije.

Op de facebookside fan Colorsensation stiet it folgjende.

Het poeder welke we gebruiken wordt extern ingekocht en hier hebben we in het verleden nooit problemen mee gehad, u begrijpt dat wij hier erg van geschrokken zijn.We hebben dan ook per direct besloten om deze poeders te vervangen in ons assortiment. Om alles te inventariseren zijn wij tijd nodig om de balans op te maken, wij vragen hiervoor begrip.Wij verzoeken indien u schade heeft deze te melden via het contactformulier op www.colorsensation.nl deze zal beoordeeld worden conform de algemene voorwaarden.

Kapster Annelie Spanninga út Ljouwert jout op facebook in tip: los 2 brûstabletten op yn waarm wetter en waskje dêrmei it hier. Dêrmei shampoo deryn en dan noch it hier mei conditioner behannelje. De útlis is yntusken al tûzenen kearen besjoen op facebook.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)