Trije minsken ferwûne by ûngelok op Kimswerterwei Harns

29 jun 2015 - 12:02

By in ûngelok op de Kimswerterswei yn Harns binne moandei trije minsken ferwûne rekke. It giet om de bestjoerder fan in auto, dy fan in frachtauto en in fytser. De auto en frachtauto binne troch in noch ûnbekende oarsaak tsjininoar botst. De auto bedarre dêrnei op 'e kop op it fytspaad. De frachtwein hat ek de fytser rekke.

Foar de helpferliening binne meardere ambulânses, in traumahelikopter en de brânwacht oproppen. De Kimswerterdyk is fanwege de helpferliening sletten foar it ferkear.

Ien fan de ferwûnen is mei de helikopter nei it UMCG nei Grins brocht, de twa oare slachtoffers binne mei de ambulânse nei de sikehuzen yn Ljouwert en Snits brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)