Stellen motor yn Grins weromfûn

29 jun 2015 - 11:10

De motor fan in 25-jierrige man út Bakkefean dy't snein stellen waard, is moandeitemoarn yn Grins weromfûn. De Bakkefeanster hie syn motor snein op in oar plak yn Grins delsetten. In buertbewenner seach de motor moandei op de Mudaheerd stean en warskôge de plysje.

De Bakkefeanster hat oanjefte dien en sil syn motor noch werom krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)