Finansjele stipe foar kultuerprojekten

29 jun 2015 - 10:49
  • It reedrydmuseum yn Hylpen

Ferskate kultuer- en natuerprojekten hawwe finansjele stipe krigen fan it Kultuerfûns Fryslân. Dat ferdielde mear as 35.000 euro oer 21 projekten.

De stichting dy't de kolleksje fan it reedridersmuseum yn Hylpen digitalisearje wol krijt bygelyks 5000 euro, lykas de stichting Media Art Fryslân foar it festival mei deselde namme. Keunsthûs Syb krijt 2500 euro foar it projekt Sfear fan Ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)