Piet Paulusma: "Hittegolf op komst"

29 jun 2015 - 10:01

Waarman Piet Paulusma warskôget foar in hjitteweach. Paulusma ferwachtet dat de temperatuer op woansdei oant en mei it wykein boppe de 30 graden komt. Fan snein ôf nimt de kâns op tongerbuien ta.

Neffens Paulusma is it wichtich dat minsken in soad drinke en ek yn de auto genôch drinken by har hawwe. By wurkjen bûten of sinnebaaien goed ynsmarre en sa folle as mooglik it skaad opsykje. De waarman warskôget ek om gjin bisten yn de auto of yn oare lytse romten op te sluten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)