Klachten oer ferve nei Crazy Color run yn Himpens Tearns

28 jun 2015 - 22:57

De Crazy Color run yn Himpens Tearns hat snein foar in soad dielnimmers in ferfelend sturtsje krigen. De loop gie oer 5 kilometer en ûnderweis waarden de dielnimmers bespuite mei allegear kleuren fervepoeier. Mar nei ôfrin die bliken dat de ferve hast net út it hier en de klean wol.

De Crazy Color run wie ûnderdiel fan Merke Himpens Tearns en waard mei organisearre troch it bedriuw Colorsensation. Dy lit fia Facebook witte dat se nea earder sokke problemen hân ha mei de gekleurde poeier. Se ha kontakt opnaam mei de leveransier.

Op de Facebookside fan de organisaasje reint it yntusken klachten fan dielnimmers. Sa skriuwt Anja Lautenbach út Ljouwert: "Hoezo makkelijk uitwasbaar? Van blond naar rood/paars na 5 km hardlopen...." Anna Vroom út Ljouwert lit witte: "Ook ik heb Van alles geprobeerd maar nee de rode/blauwe/groene/gele kleuren zijn NIET uit mn haar te krijgen. Hoe zal dit wel werken? Kan je niet maken als organisatie!!!!". Ek Kimberly de Lang út Wolvegea die mei en reagearret op Facebook: “En nu? Ik heb al Robijn geprobeerd, Vanish, Olieshampoo van Kneipp, Head & Shoulders, blond shampoo.. En ben nog steeds een gekleurde paradijsvogel”.

In soad dupearren freegje de organisaasje oft de skea ek fergoede wurdt. Bylgelyks Hilde Tinga fan Ljouwert: "Kunnen wij de kapper kosten vergoed krijgen? Aangezien ik en mijn zus groen en rood haar hebben nu! Wat is dit vreselijk geregeld, allemaal klachten wat voor poeder hebben jullie gebruikt! De andere colorruns was er niks aan de hand!".

Op Facebook ferskine yntusken ek allegear tips om het guod út it hier te krijen. Dat fariearret fan brûstabletten en anty-roosshampoo oant Biotex.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)