Gjin poadiumplak foar gersbaanracers by WK foar lanneteams

28 jun 2015 - 17:14
  • Henry van der Steen

Gersbaanracers Jannick de Jong, Henry van der Steen en Sjoerd Rozenberg slaggen der snein net yn in poadiumplak te pakken by it WK gersbaan foar lanneteams. Yn it Dútske Mühldorf wie De Jong op dreef. Hy waard yn syn fiif heats trije kear earste en twa kear twadde en sammele mar leafst 23 punten.

By Henry van der Steen fan Aldebiltsyl gong it lykwols hiel wat minder, hy kaam net fierder as 3 punten. Ek Sjoerd Rozenberg fan Nijeberkeap bleau teloarstellend stykjen op 5 punten. Dêrmei kaam Nederlân út op 31 punten, en einige as fyfde.

De winst gong nei it lanneteam fan Ingelân, dat mei 42 punten de bêste wie. Benammen de Brit Richard Hall wie superieur, hy fjouwer heats. It twadde plak wie foar Dútslân, dy't lykas Finlân 41 punten sammele. Yn in ûnderlinge striid om it sulver wie Dútslân úteinlik it rapste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)