Twadde ambulânse fan Kijlstra nei Gobabis

28 jun 2015 - 17:01

Kijlstra Persoaneferfier & Ambulânsegroep Fryslân stelt in twadde ambulânse beskikber foar Gobabis yn Namibië. De earste auto krige Gobabis al yn 2005. De Namibyske stêd hat in freonskipsrelaasje mei de gemeente Smellingerlân.

Mei it jaan fan in nije ambulânse foldocht Kijlstra oan de eigen noarm fan maatskiplik ferantwurd ûndernimmen. De ambulânsegroep stjoert sa no en dan twa ambulânse-ferpleechkundigen nei Gobabis ta om de ferplegers dêr op te lieden. Ek krije de Afrikanen reanimaasjelessen fan de Drachtster trainers.

Kijlstra skaft trainingsmateriaal oan yn Namibië, sadat de lokale ekonomy stimulearre wurdt.

Trefwurden: 
ambulânse Kijlstra Gobabis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)