Fûns foar kânsearme bern yn Dokkum en omkriten

28 jun 2015 - 18:00

It troch Romke en Silvana Kooyenga oprjochte fûns foar bern yn achterstânssituaasjes, hat oant no ta goed 20.000 euro opbrocht. Yn oerlis mei skoallen en tsjerken yn de omkriten fan Dokkum, wol Romke Kooyenga it jild brûke foar bern dy't net sporte kinne of net mei op skoalreiske kinne omdat de âlden dat net betelje kinne.

Romke Kooyenga wol dêrneist bern dy't pest wurde, helpe om better foar harsels op te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)