Winst foar Kooyenga Groep

28 jun 2015 - 14:01
  • Kooyenga Groep

De Kooyenga Groep hat ferline jier 2,5 miljoen euro winst makke. De omset wie 15 miljoen euro, lit Romke Kooyenga witte. Syn detasjearrings- en advysbedriuw skreau yn 2011 en 2012 noch reade sifers. Doe wie it ferlies 1,7 miljoen euro en 7 ton.

Foar dit jier ferwachtet Romke Kooyenga in omset fan 18 miljoen. Troch útwreiding op de kantoaren yn Dokkum en Breda wol er trochgroeie nei in omset fan boppe de 20 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)