Drachtster duo makket amok

28 jun 2015 - 13:06
  • Plysje

De plysje hat sneontejûn yn Drachten twa manlju oppakt foar mishanneling. It giet om twa Drachtsters fan 19 en 22 jier. De âldste fertochte hie in famke omtreaun. In barman seach dat en bemuoide him dermei. De jongere Drachtster waard lulk en treau de barman fuort. De oare fertochte pakte him dêrnei by de kiel. De barman sloech him dêrop tsjin de holle. De man fan 19 jier joech dêrnei de barman wer klappen. Hy fersette him by syn oanhâlding. Mei syn 22-jierrige plakgenoat waard er nei it plysjeburo brocht. De plysje docht noch ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)