Lieuwe Westra rjochtet him yn Tour op kopman Nibali

28 jun 2015 - 12:02

Lieuwe Westra rjochtet him yn de Tour de France hielendal op syn kopman Vicenzo Nibali yn de Astanaploech. Neffens him is der mar ien doel: it winnen fan de Tour de France. Westra hat krekt yn Italië op hichtestaazje west yn de Dolomiten. Nibali wie neffens Westra noch net yn in hiele goede foarm by it trainen.

De hurdfytser fan De Tynje hat mei blessueres en falpartijen in swier seizoen hân, mar is no topfit. Westra en Bauke Mollema begjinne 4 july oan de Tour. Pieter Weening sit yn Andorra, nije wike wurdt bekend oft er meidocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)