Snitser fêst foar slaan fan portier yn disko

28 jun 2015 - 11:43

Yn Snits is sneontenacht in 31-jierrige man út dat plak oanhâlden foar mishanneling. De man hie in portier fan in disko yn de Kleine Kerkstraat yn syn wenplak slein. Kollega's fan de portier wisten de agressive Snitser beet te hâlden. Plysjes hawwe him dêrnei meinaam nei it buro. Hy sit fêst. De portier hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Snits plysje mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)