Man út Easterein oanhâlden foar bedriging

28 jun 2015 - 11:30

De plysje hat sneontejûn in 42-jierrige ynwenner fan Easterein oanhâlden foar bedriging. De man melde him sels op it buro nei't de plysje earder op de jûn in ynfal yn syn wenning dien hie. De fertochte hie earder dy middei fia 112 slimme bedrigings utere. Dat wie foar de plysje reden om de man op te spoaren. Nei de ynfal yn syn wenning, die bliken dat er net thús wie. Uteinlik kaam de man sels nei it plysjeburo yn Snits. Dêr is er oanhâlden en fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje bedriging Easterein 112
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)