Gastgesinnen socht foar jonge swimtalinten

28 jun 2015 - 10:55

It Centrum voor Topsport en Onderwijs siket gastgesinnen yn Drachten foar 15- oant 17-jierrige swimmers. De talinten traine yn swimbad De Welle yn Drachten en komme faak út oare provinsjes.

Om de top berikke te kinnen, is it wichtich dat se yn ien en itselde plak traine, wenje en nei skoalle gean.

Trefwurden: 
Drachten swimme gastgesin
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)