Pindeltsjinst op De Jouwer yn de simmerperioade

28 jun 2015 - 10:26

Toeristen op De Jouwer kinne fan moandei ôf gebrûk meitsje fan in pindeltsjinst. Oant 7 septimber bringt dy se ûnder oare út de jachthaven wei nei it sintrum, nei Speelbos Joure en nei ferskate Jouster eveneminten lykas de Ballonfeesten.

De pindeltsjinst rydt ien kear yn 'e oere in fêste rûte. Publyk kin op de rûte op ferskate lokaasjes op- en ôfstappe. By drokte ride de golfkarkes mei seis sitplakken kontinu. Foar in lyts bedrach kinne minsken opstappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)