'Fytsers moatte goed om elkoar tinke'

28 jun 2015 - 10:20
  • Fytse op in elektryske fyts

De gemeente Littenseradiel ropt fytsers op om goed om elkoar te tinken yn it ferkear. De lêste tiid krijt de gemeente in soad meldings fan ûngelokken tusken fytsers. Neffens de gemeente komt dat ûnder oare troch de ferskate snelheden fan bygelyks hurdfytsers en elektryske fytsers yn ferliking mei oare fytsers.

Benammen op de binnenpaadsjes fan de gemeente kin dat wolris ferkeard gean, skriuwt de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)