Súksesfol optreden slachwurkgroep Blue Devils yn binnenstêd

27 jun 2015 - 12:42
  • De Blue Devils op it Saailân yn Ljouwert

As opwaarmerke foar in grutter optreden letter sneon yn it Camburstadion, hat it wrâldferneamde brasskorps Blue Devils út Amearika sneontemoarn in healoerke optreden yn it sintrum fan Ljouwert. It soarge foar entûsjaste reaksjes by it publyk. Letter sneontemiddei en sneontejûn is it korps te finen by it Proud Event, de opfolger fan de taptoe Ljouwert.

Piet van Houten fan de organisaasje fan dat evenemint hat de Blue Devils nei Ljouwert helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)