Soad folk op iepen dei Ambulânsegroep Kijlstra

27 jun 2015 - 12:27

Kijlstra Persoaneferfier en Ambulânsegroep yn Drachten ferwachtet sneon mear as tûzen minsken op de iepen dei. Kijlstra docht de doarren iepen omdat it dit jier 85 jier lyn is dat grûnlizzer Gerben Kijlstra it bedriuw begûn. Mar wylst yn 1930 allinne grêfkisten makke waarden, is Kijlstra hjoeddedei útgroeid ta in grutte wurkjouwer.

Kijlstra wurket fanút trettjin ferskate lokaasjes yn de provinsje. De iepen dei yn Drachten is sneontemoarn om 10 oere begûn en duorret oant sneontemiddei trije oere.

Trefwurden: 
Kijlstra Ambulânsegroep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)