Sportferienings krije help by besparjen op enerzjykosten

27 jun 2015 - 09:15

In projekt yn seis gemeenten yn it noarden fan Fryslân moat der foar soargje dat sportferienings ek yn de takomst finansjeel sûn bliuwe. Oanlieding foarmet it fuortfallen fan it belestingfoardiel op enerzjykosten mei yngong fan 1 jannewaris.

Om de hegere kosten opfange te kinnen, mar ek de mindere ynkomsten út lede- en sponsorjild, krije de noardlike sportferienings begelieding by it enerzjysuniger meitsjen fan har akkommodaasjes. Mocht dat yn it noarden effekt hawwe, dan wurdt it projekt ek yn oare dielen fan de provinsje tapast.

It projekt is der ûnder oare kaam op inisjatyf fan de provinsje en Sport Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)