Gjin treinen tusken Wolvegea en Meppel

27 jun 2015 - 08:14

Wa't sneon en snein mei de trein nei it westen wol, moat rekken hâlde mei in langere reistiid. Fanwege wurk oan it spoar wurde tusken Wolvegea en Meppel bussen ynset. Dy dogge in kertier oant in healoere langer oer it stik.

Moandeitemoarn kin wer gewoan mei de trein reizge wurde, meldt de NS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)