Talant trapet muzykevenemint CityProms ôf

26 jun 2015 - 22:31

De fyfde edysje fan it klassike muzykevenemint CityProms yn Ljouwert is freed úteinset. In bysûndere edysje: om't CityProms dit jier foar it earst gearwurket mei Talant. De slachwurkgroep Syncoop krige fanút Talant de ear om dit jier CityProms ôf te traapjen.

CityProms duorret oant en mei snein en wurdt holden yn de binnenstêd fan Ljouwert, ûnder oare by de Aldehou. De optredens binne fergees tagonklik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)