Basisskoalle De Wester yn Ljouwert skorst 7 jonge bern

26 jun 2015 - 12:48

Fjouwer húshâldings mei sân bern yn groep 2 meie net langer op iepenbiere basisskoalle De Wester oan de Telemannstrjitte yn Ljouwert komme. Direkteur Albert Helder fan ûnderwiiskoepel Proloog, dêr't de skoalle by heart, hat de âlden de tagong ûntsein fanwege 'grensoverschrijdend' gedrach, wêrtroch de feiligens fan it personiel yn it geding kaam.

De plysje waard tongersdei nei de skoalle roppen omdat ien persoan it skoalplein net ferlitte woe. Dernei hat der krisisoerlis west tusken de skoalle, Proloog en de gemeente.

Neffens Helder is it beslút naam om de rêst te bewarjen en ûndersykje te kinnen wat der krekt spilet. Neffens boarnen soe in jonkje út groep 2 ôfwikend gedrach fertoane. De skoalle soe lange tiid neat mei sinjalen fan ferûntrêste âlden dien ha. Dy âlden soene tongersdei ferhaal helle ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)